Marrit Leenstra kampioen

29 des 2010 - 16:28

Marrit Leenstra út Wikel is woansdei op It Hearrenfean Nederlânsk Kampioen allround reedriden wurden. Op de ôfslutende 5 kilometer waard se tredde yn in tiid fan 7.18,59. Earder wûn se al de 500 en 1500 meter en waard se tredde op de 3000 meter. Jorien Voorhuis waard twadde en Diane Valkenburg tredde.

Yvonne Nauta fan Twellingea waard 5e yn it algemien klassemint en twad op de 5000 meter yn 7.17,75. Winner fan de 5000 meter waard Jorien Voorhuis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)