Run op starterswenten

Yn de lêste moanne fan it jier is der in wiere run op starterswenningen ûntstien. Allinnich yn Fryslân binne der tsientallen ekstra wenten ferkocht, boppe-op de normale ferkeap.
Reden foar de grutte drokte op de wenningmerk is dat it per 1 jannewaris folle dreger wurdt om in hypoteek te krijen. De regels wurde flink oanskerpe en starters komme dêrtroch noch amper oan de bak. En dus wol dy groep noch foar 1 jannewaris syn slach slaan.