Rekôr oan yllegaal fjoerwurk

29 des 2010 - 16:01
  • It fjoerwurk yn Snakkerbuorren

De plysje hat dit jier in rekôr oan yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen, hast 9 ton. Ien fan de grutste fynsten dêrby waard dien yn Snakkerbuorren, by Ljouwert. It measte fjoerwurk dat troch de plysje yn beslach nommen waard, is sierfjoerwurk.

It falt de plysje ek op der oant no ta noch net in soad jongeren betrape binne op it ôfstekken fan yllegaal knalfjoerwurk. Fan woansdei ôf meie winkels fjoerwurk ferkeapje, kommende freed mei it ôfstutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)