Soad toerriders op Tsjûkemar

29 des 2010 - 14:51
  • Toerriders en iissilers (Foto: Remco de Vries)

Grutte belangstelling foar de toertocht op de Tsjûkemar. Sa'n 4000 minsken skreaune har yn om 25, 50 of 75 kilometer ôf te lizzen. Dat is folle mear as ferwachte. De organisaasje gie út fan 1000 man en safolle medaljes wiene der ynearsten ek makke. No wurde der massaal medaljes bymakke, om elkenien dochs noch in oantinken mei te jaan.

De toertocht ferrint sûnder problemen. Wol is ien rider mei syn holle op it iis fallen nei't er net goed waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)