Starum yn 2011 950 jier stêd

29 des 2010 - 12:51

Yn Starum wurdt takom jier it hiele jier feestfierd om't de stêd yn 1061 stedsrjochten krige. Yn 2011 is dat dus krekt 950 jier lyn. Starum krige de stedrjochten fan graaf Egbert de Earste en keizer Hendrik de Fjirde fan it Hillige Roomske Ryk.

Fan 1061 ôf hie Starum in eigen stedswapen, eigen munten en in eigen rjochtspraak. Dat wurdt fierd mei tal fan aktiviteiten, werûnder in midsieuske dei en in grutte teaterfoarstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)