Soad sierfjoerwurk ferkocht
Rigen fan foaral heiten mei soannen by guon fjoerwurkwinkels no't fjoerwurk woansdei offisjeel ferkocht wurde mei. By de fjoerwurkgigant yn Frjentsjer hiene se it der mar drok mei. Dêr leit 40 ton oan fjoerwurk, dat dizze dagen allegear de toanbank oergiet. De fjoerwurkgigant is dêrmei de grutste fan Fryslân.
Woansdeitemoarn healwei sânen stiene de earsten al op de stoepe. Se komme rûnom wei. It is foaral sierfjoerwurk dat it goed docht dit jier.