Mear abonnees LC

De Ljouwerter Krante hat in suksesfol lêste fearnsjier achter de rêch. De betelle oplage fan de nije LC is yn dy perioade mei sa'n 5 persint omheech gien. Neffens de krante is dat in direkt gefolch fan de yntroduksje fan de nije styl.
Ferline jier wie der noch sprake fan in ferlies fan mear as 5 persint op jierbasis. De krante hat sûnt 2003 te krijen hân mei in oplage dy't sakke. De groei is yn dat opsicht dus opfallend.