Carla Zielman wint Duurswold

29 des 2010 - 11:33
  • Carla Zielman (argyffoto)

Carla Zielman hat woansdeitemoarn de natoeriiswedstriid de Ronde fan Duurswold wûn. De maratonreedrydster fan Rottum wie nei 50 kilometer op it Grinzer Schildmeer de rapste fan de kopgroep fan tolve froulju. Maria Sterk fan Hallum waard twadde, Jolanda Langeland fan Bedum tredde.

Tiisdei waard Zielman, de Nederlânsk kampioene op keunstiis, noch twadde yn Earnewâld. De winst wie doe foar Mireille Reitsma fan Emmeloard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)