Lifttradysje Wommels hâldt op

Foto: Jaring Rispens/Stjoerder.nl
Tsien jier lang wie it tradysje. In grutte groep jongerein fan Wommels gie op nijjiersdei de striid oan yn in liftwedstriid. Woansdeitemoarn waarden de jonges en famkes foar in lêste kear útswaaid. Nei tsien jier komt der in ein oan de tradysje. Krekt as yn 2002 giet de reis nei Italië, dit kear Bergamo.
De regels foar de wedstriid binne ienfâldich: net meiride yn in Fiat Multipla en neat foarôf regelje.