Jenning Huizenga rêdt it net

Jenning Huizenga (argyffoto)
Baanhurdfytser Jenning Huizenga is der net yn slagge om glâns te jaan oan syn optreden op it Nederlânsk kampioenskip op de baan yn Apeldoorn. Yn de striid om de brûnzen medalje ferlear de Frjentsjerter op de yndividuele achterfolging fan Roy Pieters.
Jenning Huizenga waard yn maart 2008 twadde op it WK yn Manchester. Dêrnei op de Olympyske Spelen yn Peking woe it net. Letter waard in skimmelsykte by him fûn. In grypke yn desimber dit jier soarge no foar in min nij begjin.