Leenstra op koers NK-titel

28 des 2010 - 16:54

Marrit Leenstra fan Wikel leit noch hieltyd op koers om Nederlânsk kampioene Allround te wurden. Op de trije kilometer yn Thialf op It Hearrenfean waard se tiisdeitemiddei tredde yn in tiid fan 4.09.14, mar dat wie genôch om de rest foar te bliuwen. Leenstra wûn moandei al de 500 meter yn in tiid fan 39.21 Dat wie har beste tiid ea yn Europa.

Foar woansdei stiet de 1500 meter en de fiif kilometer noch op it programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)