Spyt fan mishanneling CDA-er

28 des 2010 - 11:56

De oerbuorman dy 't it Skylger riedslid Hendrik Klaas van der Wielen mishannele hat, seit dat hy 'volledig spijt' hat fan syn aksje. Hy is ferline wike, doe't de CDA-fraksjefoarsitter mei syn partner lei te sliepen, it hûs fan it riedslid binnen gong mei syn soan en jout ta dat hy in klap útdield hat.

Efterôf besjoen fynt hy dat wat hy dien hat net kin. It hat te krijen mei in skeel oer de bou fan in simmerhûs en mooglik noch oare bouwurken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)