FNP: krityk op bou Volmawei

Gemeentehûs fan Boarnsterhim
De FNP yn Boarnsterhim fynt dat de gemeente nochris sjen moat nei bouplannen foar de Volmawei yn Grou. De partij tinkt dat in soad Grousters de bebouwing te heech en te massyf fine. Der soe wol draachflak wêze foar bebouwing op dat plak, mar dy soe dan minder heech wurde moatte.
Boargemaster en wethâlders moatte fan de FNP mei pleatslik belang om tafel om te praten oer alternativen. Sa't it no stiet komme der apparteminten en winkels oan de Volmawei.