Fermiste man sit yn Dútslân
De plysje hat moandei oan it sykjen west nei in 76-jierrige man út Oerterp. De man wie moandeitemiddei in bytsje yn de war fuortgien, yn de auto.
De plysje skeakele Burgernet yn, mar dat smiet neat op. Tiisdeitemoarn is dúdlik wurden dat de man earne yn Dútslân weromfûn is. Syn famylje is op de hichte brocht.