Ynbraakgolf yn Harns

27 des 2010 - 20:15

Hûnebesitters yn Harns wurdt frege mei te helpen in ein te meitsjen oan de ynbraakgolf yn de stêd. Se hawwe in brief krigen mei de fraach út te sjen nei ynbrekkers. Yn in wike tiid is yn mear as tweintich wenten ynbrutsen.

Omdat minsken mei in hûn jûns let faak noch in slach om geane, hopet de plysje dat sy helpe kinne de ynbrekkers op it spoar te kommen. Harnzers sûnder hûn wurdt ek frege op har iepenst te wêzen en by ûnried fuortdaalk de plysje te beljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)