Pau stellen en kop ôfskuord

Der is fan it wykein in pau stellen yn Drachten. Se hellen it bist út it bisteparkje de Hagewyk. De dieven koenen maklik by de pau komme om't der iis op de fiver lei. Se draaiden him de nekke om en skuorden de kop derôf.
Dy kop lei der noch. Spoaren yn de snie wize út dat twa manlju de pau te pakken nommen hawwe. Net ien hat wat sjoen. De oare bisten, fûgels, herten, kninen en oare bisten yn it parkje en moatte beskerme wurde. Dat falt net ta want opslute is gjin opsje.