Wetterskip mealt by need

Wetterskip Fryslân begjint mei meallen It wurdt inkeld dien yn de polders dêr't it nedich is. Mei it ôfstreamen fan wetter út de Fryske boezem set it wetterskip noch net opnij útein. It wetterskip hâldt noch fêst oan it reedridersfreonlike bemeallingsbelied, om't de waarsfoarsizzing ûnwis is.
De waarkaarten sprekke inoar tsjin, dêrom hâldt it wetterskip rekken mei twa senario's: teiwaar of opnij flinke froast. Sûnt 17 desimber is net mear meald om it iis groeie te litten.