IIs makket slachtoffers

27 des 2010 - 11:55

It sikehûs yn Snits hat mei de Krystdagen 65 reedrydslachtoffers behannele by de spoedeaskjende help. Dêrmei hat it Antonius sikehûs de measte slachtoffers hân.

Yn Ljouwert kamen 22 pasjinten, op It Hearrenfean ek en yn Drachten wiene der 19. Yn Dokkum kamen 15 minsken binnen mei oan ferwûnings. Mei elkoar binne goed 140 iisslachtoffers holpen. Troch it laachje snie op it iis wie it snein ekstra drok om't minsken de skuorren net seagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)