Huizenga wol revâns op NK

Jenning Huizenga docht tiisdei mei oan it NK baanhurdfytsen. Op de baan yn Apeldoorn, dêr't yn maart 2011 ek it WK hâlden wurdt, wol Huizenga him wer ris goed sjen litte.
Yn maart 2008 wûn de Frjentsjerter noch sulver op de yndividuele achterfolging op de baan by it WK yn Manchester. Fiif moanne letter op de Olympyske Spelen yn Peking waard Jenning Huizenga achttjinde en lêste.