Warkumer moat skea fergoedzje

27 des 2010 - 10:02

De plysje hat snein in Warkumer (38) oanhâlden. De eigner fan in hotel yn Warkum hie de plysje belle nei't de man saken beskeadige hie en net fuortgean woe.

It die bliken dat er noch socht waard. Hy wie yn augustus net weromkaam fan ferlof. Hy is meinaam nei it buro yn Ljouwert. De man moat de rekken fan de skea betelje en noch in boete fan goed 250 euro dy't noch iepenstie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)