IIs Earnewâld wurdt keurd

Age Veldboom by it iis
It iis foar de tocht dy't tiisdei by Earnewâld pland stiet, wurdt moandei keurd. Inisjatyfnimmer Age Veldboom is optein oer de kâns dat de maraton fan 100 kilometer trochgean kin. It iis is 13 oant 15 sintimeter dik. Wol is it moandei teiwaar, mar moandeitenacht wurdt wer matige froast foarsein.
De maraton op natueriis begjint om 9.00 oere foar de froulju en 11.00 foar de manlju. De maraton is ien fan de tolve lanlike klassikers en is yn 1997 foar it lêst hâlden.