Fergees sliepe Alvestêdetocht

De Alvestêdeferiening reagearret op de komst fan de kommersjele webside Elfstedenreservering.nl dêr't sliepplakken oanbean wurde foar de tocht. De feriening wiist der op dat sy sels fergees sliepplakken hat foar de dielnimmers.
Fuortendaliks neidat bekend wurdt dat de Alvestêdetocht trochgiet, ropt de Alvestêdeferiening de ynwenners fan Ljouwert op om sliepplakken troch te jaan. De feriening jout dy adressen dan wer troch oan de dielnimmers.