Man troch it iis by Langwar
Op de Langwarderwielen by Langwar is sneintemiddei in man troch it iis sakke. Dat barde yn de buert fan de sylskoalle. De helptsjinsten waarden ynskeakele, mar hoegden net yn aksje te kommen. De man koe op eigen kracht wer út it wetter klauterje.
De brânwacht wie doe noch mar krekt bûten de kazerne. De man hat neat oerhâlden oan syn kâlde aventoer.