Gemeente stipet tsjerke Wier

De gemeente Menameradiel betellet hast 90.000 euro mei oan de restauraasje fan de tsjerke fan Wier. Foar de opknapbeurt is sa'n 900.000 euro noadich. De provinsje en it ryk hawwe al seis ton beskikber steld.
De tsjerke is yn besit fan de stifting Alde Fryske Tsjerken. Dy komt no noch goed twa ton tekoart. De restauraasje fan de tsjerke fan Wier moat takom maaitiid begjinne.