NK op Thialf net útferkocht

It NK Allround en sprint fan takom wike is noch net útferkocht. Op 27, 28 en 29 desimber wurdt sawol it NK allround as it NK sprint ferriden op Thialf op It Hearrenfean. Neist de wedstriden binne der ek ferskate oare aktiviteiten. Sa jouwe âld-reedriders Barbara de Loor en Erben Wennemars alle dagen in parsekonferinsje foar bern.
Foar alle dagen binne noch kaarten te keap.