Hannel foar alvestêdetochtguod

26 des 2010 - 13:03
  • keaplju kinne in plakje oan de rûte reservearje

Keaplju dy't graach wat guod ferkeapje wolle mei in eventuele Alvestêdetocht kinne no al op de webside fan de gemeente Boalsert sjen hoe't dat moat.

Der kin ek al in formulier foar in plakje oan de rûte ynfold en opstjoerd wurde. De gemeente docht dit om't de froast noch hieltyd oanhâldt. Der is plak foar 22 kreamen. In plakje kostet goed 92 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)