Fytse troch sintrum Drachten

Yn it sintrum fan Drachten mei mooglik as proef fytst wurde. Dat stiet yn it gemeentlik ferkears- en ferfiersplan. Smellingerlân tinkt al langer oer it tastean fan fytsers yn it sintrum. Foarstanners sizze dat it past yn it gemeentlik beleid om it fytsferkear te stimulearen. Tsjinstanners binne benaud dat fuotgongers hindere wurde troch de fytsers.
B. en w. ha noch net besletten oft de proef trochgiet. Dêr beslút de gemeenteried oer.