Beatrix: mei-inoar ien

25 des 2010 - 15:51

Keninginne Beatrix ropt yn har krysttaspraak op ta maatskiplike ferbûnens. De minsken moatte geduld mei-inoar en respekt foarinoar hawwe en se moatte mei-inoar ien wêze. Sa kin der fertrouwen komme en fermindert it erchtinken en de eangst foar de oar, neffens de keninginne.

De keninginne sei dat alle minsken diel útmeitsje fan 'e maatskippij. Elk hat ferlet fan in feilich plak. Se docht dêrom de oprop dat minsken inoar belûke by it oplossen fan problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)