Radiomaraton wer úteinset

Foar de sechsde kear binne de dj's fan It Krystteam freed yn Tsjom úteinset mei in radiomaraton foar in goed doel. De aksje is seis jier lyn betocht troch in groep freonen en is begûn as piratemaraton. Yntusken is de útstjoering legaal. It Krystteam hat sûnt ferline jier in fergunning.
De dj'js litte sûnt justerjûn oant 30 desimber non-stop platen en live-optredens fan artysten hearre. Sy dogge dat dit jier foar de Stichting Fryslân-Moldova.