Slim ûngelok yn Ljouwert
In automobilist is freedtemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Archipelwei yn Ljouwert. De man is nei alle gedachten net goed wurden en fan de dyk ôf rekke.
Yn de manoeuvre dy't dêrop folge fleach de auto oer de stoepe, wêrnei't er tsjin in beam ta stilstân kaam. De man is mei spoed nei it sikehûs brocht.