Nije drainaazje Sjûkelân

24 des 2010 - 16:33

De drainaazje fan it Sjûkelân yn Frjentsjer wurdt ferfongen. It kolleezje fan B&W wol dêr 60.000 euro foar beskikber stelle. It keatsfjild hat der al jierren lêst fan dat it wetter net fuort wol as it bot reind hat. Dat komt omdat it hjoeddeiske drainaazjesysteem al it wetter net goed ferwurkje kin.

Ofrûne simmer waard de PC sadwaande ferkeatst op in dweiltrochwiet fjild. As de gemeenteried akkoart giet, wurdt it systeem fan 't maitiid ferfongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)