Ralf Zwitser wint Skarsterlân

Ralf Zwitser (foto: Martin de Jong)
Ralf Zwitser fan Haarlem hat freed de Ronde fan Skarsterlân wûn. Op it twadde plak einige Joost Juffermans fan Stompwijk en Geert-Jan van der Wal fan Emmeloord waard tredde. Bêste Fries wie Ruud Borst fan Sint Nyk op in fiifde plak.
It is foar it earst dat de Ronde fan Skarsterlân, in iismaraton oer 100 kilometer op de Goaiïngarypster Puollen, organisearre waard. Ralf Zwitser waard tongersdei noch twadde op it NK maraton yn Wanneperveen.