Nijjiersdûk yn Snits
Yn Snits wurdt op 1 jannewaris foar it earst in nijjiersdûk hâlden. De Prins fan de karnavalsferiening de Oeletoeters organisearret de dûk. Dy is yn it haventsje by camping Pasveer.
Rûnom yn Fryslân binne op ien jannewaris nijjiersdûken. Der komme altiten aardich wat minsken op ôf.