Bou apparteminten Dokkum los

Yn Dokkum kin nei trije jier wachtsjen no dochs begûn wurde mei de bou fan fjirtjin apparteminten yn it Lyceumpark. Boubedriuw Dijkstra Draisma soe de huzen trije jier lyn al bouwe, mar der wie hieltyd net genôch belangstelling.
As der foar de ein fan dit jier net 70 persint fan de huzen ferkocht wêze soe, soe de subsydzje ferfalle. It boubedriuw hie it projekt sels al hast op de lange baan skood, mar ûnferwacht hawwe har no dochs genôch keapers meld.