Twa ferwûnen by ûngelok

23 des 2010 - 21:07

Op de A7 by Skraard binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa minsken ferwûne rekke. De auto dêr't sy mei noch trije oaren yn sieten rekke fan de dyk ôf en bedarre yn de sleat. Alle fiif koene se op eigen krêft út de auto komme.

De brânwacht moast der oan te pas komme om de minsken fan de wâl wer op de dyk te krijen. De twa ferwûnen binne mei nekletsel oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)