Oanfarring op Noardsee

Argyffoto
Goed 30 kilometer boppe Flylân binne tongersdeitejûn twa skippen mei-inoar yn oanfarring kaam. It giet om in kontenterskip en in frachtskip.
It kustwachtsintrum yn Den Helder hat fuortendalik grut alaarm slein en trije rêdingsboaten nei it plak ta stjoerd. Dêrneist waarden der twa bergingsskippen oproppen en stie in rêdingshelikopter paraat. Ien fan de skippen hat skea oprûn en makket wetter. Troch kompartimenten te sluten is de situaasje no stabyl.