Kampanje feilich âld en nij

Mear as 100.000 Fryske jongeren krije dizze wike in brief thús oer âld en nij. Yn de brief wurde se oproppen om it foaral gesellich te hâlden mei de jierwiksel. De brief heart by de Fryske kampanje 'Oud en nieuw is pas écht vet als je 'n beetje oplet!'.
Ek automobilisten wurde wiisd op de kampanje, oan de provinsjale diken steane 70 buorden mei de oprop foar in feilich âld en nij. Dêrneist krije minsken dy't yn oertreding geane tenei al op nijjiersdei in daging.