Northumberland yn SE-Fryslân

23 des 2010 - 17:39

Deputearre Tineke Schokker hat tongersdei de Ingelske regio Northumberland op besite hân. Schokker hat ûnder oare it flechtmuseum yn Noardwâlde sjen litten en ek in soarchbuorkerij yn De Fochtel.

It gie om in tsjinbesite, want yn novimber gie in delegaasje Friezen op besite yn Northumberland. Súdeast-Fryslân en de Noard-Ingelske regio wolle besykje om in mienskiplik projekt op poaten te setten en gebrûk te meitsjen fan Europeeske subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)