Netten oer wek yn De Luts

23 des 2010 - 16:06

Op tal fan plakken wurdt besocht de natoer in bytsje te helpen om goed iis te krijen. Frijwillligers fan de iiswegesintrale hawwe tongersdei dwaande west op de Alvestêderûte tusken Rûgehuzen en Balk netten te spannen oer in wek yn de Luts.

Wetterfûgels kinne dan net mear yn it wek swimme, wêrtroch der iisgroei komme kin en it wek nei ferrin fan tiid tichtfrieze kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)