'IIs ûnder brêgen gefaarlik'

23 des 2010 - 14:03

De iiswegesintrale Snits warskôget foar gefaarlik iis ûnder de brêgen. It iis wie dêr op de measte plakken noch net betrouber. No't de wyn opstekt wurdt it iis ûnder brêgen yn Snits - en nei alle gedachten yn hiel Fryslân -hurd minder sterk.

Dat komt omdat it wetter troch de wyn yn beweging set wurdt, wêrtroch de iisdikte ôfnimt. Rayonhaad Wiebe Cnossen fan Snits warskôget dat dit gefaarlike situaasjes opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)