Anker stiet Robert M. by

Mr. Wim Anker
Advokatekantoar Anker en Anker út Ljouwert stiet de haadfertochte yn de Amsterdamske bernemisbrûksaak by. It team advokaten dat by de saak belutsen wêze sil bestiet út Wim Anker, Tjalling van der Goot en Jan Boksum.
Anker hat Robert M. (27) earder dizze wike yn de finzenis opsocht. Ynhâldlik meie de advokaten noch neat oer de saak sizze omdat M. yn alle beheinings sit. It kantoar hat de saak net fuortendaliks oannaam, omdat dy in soad wurk mei him meibringe sil.