Frisia wol mear sâlt winne

Der is driuwend ferlet fan mear sâlt
Frisia sâlt fan Harns mei mooglik mear sâlt winne om de foarrieden yn Nederlân oan te foljen. Op it stuit is der in tekoart oan struisâlt. It ryk hat dêrom it saneamde sâltloket ynsteld. Oerheden kinne dêr struisâlt keapje om de diken skjin te hâlden.
It sâlt soe út de âldste put fan Frisia komme moatte. Dizze put, Bas 1, ûnder Seisbierrum wurdt no net brûkt om't de grûn yn it gebiet fan de put al bot fersakke is. De provinsje is net bliid mei dit fersyk fan it ryk.