Feriening keapet hûs Bonnema

It hûs dat Abe Bonnema yn de jierren sechtich foar himsels boude
It hûs fan arsjitekt Abe Bonnema yn Hurdegaryp is kocht troch monuminteferiening Hendrick de Keyser. Dizze feriening hat goed 400 histoaryske en bysûndere wenhuzen yn Nederlân yn besit. Neffens Hendrick de Keyer is Bonnema syn hûs in opmerklik foarbyld fan neioarlochske fillabou
Yn Fryslân beheart Hendrick de Keyser goed 20 huzen wêrûnder de Tichelaarhuzen yn Makkum, it hûs fan keapmansfamylje Albada-Jelgersma yn Boalsert en it Trompshûs op Flylân.