VVD: lit wurkleazen snieskowe

Wurkleaze jongeren yn Fryslân moatte oan it wurk set wurde om snie te skowen by âldereintehuzen. Dat wol de VVD yn Ljouwert. Yn Amsterdam wurdt dit al dien. Dêr binne woansdei sa'n 30 jongeren oan it wurk by twa fersoargingshuzen en de kommende wike wurde dat der 300.
De VVD yn Ljouwert freget b. en w. om soks ek yn Ljouwert te dwaan. De partij wol dat it kolleezje dit sa gau mooglik regelet. It kolleezje moat noch reagearje op dizze oprop.