Deadlik ûngelok Broeksterwâld

23 des 2010 - 03:02

In frou (29) fan It Hearrenfean is woansdei krekt foar tolve oere om it libben kaam by in iensidich ûngelok oan de Schwartzenbergloane by Broeksterwâld. Troch ûnbekende oarsaak rekke de auto dêr't de frou yn siet fan de dyk, rekke in beam en kaam tsjin in betonnen daam ta stilstân.

De man út Damwâld (32), dy't ek yn de auto siet, hat noch besocht it slachtoffer út de swier skansearre wein te heljen. De man sei tsjin de plysje dat er byrider wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)