Noch ien kear knalle yn Drylts

22 des 2010 - 17:25

It karbidteam fan Drylts mei Aldjiersdei noch ien kear mei it kanon fan hast 250 liter yn aksje komme. Dat binne de Drylsters oerienkaam mei plysje en gemeente. Earder dizze wike krige it karbidteam te hearren dat der dit jier net mear mei karbidkanonnen fan mear as 50 liter sjitten wurde mei. Dêr wie it karbidteam min oer te sprekken.

It kanon wurdt no op in stik lân bûten de stêd delset. Ferline jier kamen der klachten oer de knallerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)