Man flinterbom net ferfolge

22 des 2010 - 17:09

De man (23) út Harich dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by in fjoerwurkûngelok wurdt net ferfolge. Dat makke it IM bekend. It ûngelok wie yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris nei in nijjiersfeest yn it doarpshûs yn Koudum.

Yn de minskemassa ûntplofte doe in flinterbom. In famke (16) rekke in each kwyt. Neffens it Iepenbier Ministearje falt net te bewizen dat de flinterbom dy't de man út Harich smiten hat, it letsel feroarsake hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)