Jildkrapte by iiswegesintrales

Johannes de Vries fan de iiswegesintrale
De winter moat trochsette want by in soad iiswegesintrales is de kas sa goed as leech. De iennichste oplossing is it útskriuwen fan in toertocht, mar dat moat dan wol kinne.
As der gjin toertochten binne, wurdt der ek neat fertsjinne. Der wurde wol kosten makke want de iiswegesintrales ha in soad materieel dêr't alle jierren in fersekerinspreemje oer betelle wurde moat.