Strange froast nedich by tocht

22 des 2010 - 14:32

It moat noch in wike strang frieze foar't de Alvestêdetocht hâlden wurde kin. It moat nachts ûnder de min tsien graden frieze en oerdeis moat it kwik net boppe de min fiif útkomme. Op guon plakken leit noch mar 4 sintimeter iis.

Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening makke dat woansdei dúdlik oan sjoernalisten. Dy binne troch de feriening útnoege foar in byienkomst dêr't útlein wurdt wat nedich is foar in Alvestêdetocht. De gearkomste wie al pland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)