Lêste wurk Jopie Huisman fûn

22 des 2010 - 13:58

It lêste wurk dat Jopie Huisman skildere, is opdûkt. Soan Jacob en neef Joop sykje foar in eksposysje nei wurk fan Huisman dat noch net bekend is by it grutte publyk.

Jacob Huisman fûn yn it bertehûs fan syn heit in akwarel fan maart 2000. Hy waard koart nei it meitsjen fan it akwarel siik en ferstoar yn novimber 2000. Mei de syktocht hoopje soan en neef dúdlik te krijen hoefolle wurk Jopie Huisman makke hat. De eksposysje is fan april takom jier ôf te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)